Ljouwert-promoasje yn Amsterdam

27 apr 2004 - 00:00

Op in drok krúspunt yn Amsterdam is tiisdei in grut billboard ûntbleate dat promoasje makket foar Ljouwert. Op it reklameboerd is in grut portret fan Geert Dales te sjen, takomstich boargemaster fan Ljouwert en âld- wethâlder fan Amsterdam. Dêrboppe stiet de tekst 'Amsterdam gegroet!'.

It billboard heart by de kampanje Expeditie Leeuwarden. De Ljouwerter VVV wol Amsterdammers dúdlik meitsje dat Ljouwert net sa fier fuort leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)