Ljouwert pakt oerlêst troch Antilliaanske drugshannelers oan

13 maaie 2015 - 13:02
  • Himp

De gemeente Ljouwert pakt de oerlêst fan Antilliaanske drugshannelers oan. Dy is de lêste tiid tanaam, benammen op en by De Weaze. Mei it plan set de gemeente net allinnich yn op in hurde oanpak fan de dealers, mar ek op previnsje om foar te kommen dat jongerein it kriminele paad opgiet.

Ien fan de dingen dy't yn de plannen stean is dat Antillianen dy't werom wolle nei de Antillen in bedrach fan 4000 euro fan de gemeente krije. De oanpak fan de gemeente kostet 250.000 euro. It grutste part fan it jild is struktureel.

As de oerlêstferoarsakers de 4000 euro foar emigraasje nei de Antillen oannimme, wurde se útskreaun as Nederlanner en kinne se net weromkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)