Ljouwert pakt leechstân oan

18 nov 2013 - 11:36
  • Leechsteand gebou fan de NHL yn Ljouwert
  • Yn it eardere postsortearsintrum yn Ljouwert komme 600 asylsikers

De leechstân yn Ljouwert wurdt fan 'e wike oanpakt troch ferskate partijen. De gemeente, de Keamer fan Keaphannel, arsjitekten en lanlike klups dy't harren dwaande hâlde mei leechstân, sille de koppen byinoar stekke.

Doel fan it oerlis is om mei kreatieve oplossings te kommen. Dêrby wurdt benammen sjoen nei it gebiet by it treinstasjon. Dêr stean ferskate grutte gebouwen leech, lykas it alde NHL-gebou oan it Fonteinlân en in âld PTT-gebou dêr't it provinsjehûs tydlik yn sitten hat, wylst it nije boud waard.

Al mei al giet it om tsientûzen kante meter oan kantoarromte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)