Ljouwert pakt hûnestront oan

09 maaie 2007 - 19:44

Minsken steure har noch altyd it meast oan hûnestront op strjitte. De gemeente Ljouwert skerpt dêrom it belied oan. Der komme mear poepbakken en mear romte om hûnen út te litten, ûnder oare yn it Griene stjêrgebiet.

Fierder komme der yn alle wenwiken plakken dêr't hûnen wol of net komme meie. De hûneklup 'De gebeten hond', dy't om de nije maatregels frege hat, is net bliid mei de nije oanpak fan de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)