Ljouwert op Libelle-dagen

22 maaie 2010 - 15:30

Tsientûzenen froulju komme dizze wike ôf op de Libelle Zomerdagen yn Almere. In bysûndere Fryske ynbring dêrby, want Ljouwert presintearret himsels mei in grutte stand as hofstêd. Froulju kinne dêr in hiel soad Fryske guod keapje, in keninklike kir royal drinke en in fytstas as oantinken oan Ljouwert mei nei hûs nimme.

It hofstêd-idee slacht oan en sil in ferfolch krije: in reklame-ôfbylding komt op in tram yn dé hofstêd fan Nederlân: Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)