Ljouwert op koers mei huzebou

07 jun 2006 - 13:40

De earste fiif moanne fan dit jier binne yn de gemeente Ljouwert al 340 huzen boud. Dêrmei leit de stêd goed op koers om it úteinlike doel fan 600 nijbouhuzen yn 2006 te heljen.

It gemeentebestjoer set dêrmei de lijn fan ferline jier goed troch. Doe kamen der foar it earst yn 15 jier mear as 500 wenten op jierbasis by yn de stêd. Fan guon kanten komt der krityk dat de gemeente Ljouwert tefolle huzen bout, mei mear leechstân as mooglik gefolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)