Ljouwert noch duorsumer

08 maaie 2010 - 12:35

De gemeente Ljouwert en de provinsje ha it ôfrûne jier 1 miljoen euro útjûn oan duorsume projekten yn de stêd. It jild gie nei LED-feestferljochting, twa elektryske taksi's, fiif oplaadpunten foar elektryske auto's en biogas oan de wenwyk Techum.

Ljouwert wol minder ôfhinklik wurde fan fossile brânstoffen, enerzjysunich bouwe en better omgean mei drinkwetter. Der lizze twa plannen. De kosten rinne útien fan 0,8 miljoen oant 2 miljoen yn it jier. De ried moat dêr út kieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)