Ljouwert nei Enschede

21 des 2012 - 19:37
  • Boargemaster Crone oerlanget de sjek

In delegaasje hat freed út Ljouwert wei in besite brocht oan it Glazen Huis yn Enschede. Ljouwert is takom jier gaststêd fan de Serious Request-aksje en de delegaasje hat sjoen hoe't de organisaasje yn Enschede de saken foarinoar hat. Sa is der praat oer "crowd control", hoe hâlde je grutte minskemassa's yn 'e stringen. Ek al wurdt begjin takom jier begûn mei de tariedings, de promoasje fan it evenemint moat net te betiid begjinne, sa hearden de Ljouwerters fan har kollega's yn Enschede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)