Ljouwert mooglik smaakstêd

02 apr 2013 - 10:54

Ljouwert is yn 2015 mooglik de haadstêd fan de Smaak. Moandei is bekend wurden dat de stêd ien fan de trije nominearden is foar dizze titel. Njonken Ljouwert giet it om Teksel en Ede/Wageningen. Mocht Ljouwert de haadstêd fan de Smaak wurde, dan binne der in jier lang allegear eveneminten yn de hiele provinsje.

Doel is om Fryslân op de kaart te setten as ytprovinsje. It projekt wol mear produkten út de regio ûnder de oandacht bringe. Der is ûngefear 4 ton nedich om de haadstêd fan de smaak te organisearjen.

Dat jild moat benammen komme fan bedriuwen en fûnsen. De provinsje Fryslân jout ek subsydzje. Op 1 juny moatte de inisjatyfnimmers it bidbook ynleverje. Yn septimber wurdt bekend hokker stêd yn 2015 haadstêd fan de Smaak is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)