Ljouwert moat soad besunigje

08 sep 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert moat 5,6 miljoen euro besunigje. Twa miljoen dêrfan komt foar rekken fan de eigen amtners, sa wol it kolleezje fan B en W. Oare klappen falle yn ûnderwiis en ûnderhâld fan iepenbier grien.

Wethâlder Krol koe moandei net folle sizze oer hoe't it jild besparre wurdt. De gemeente moat effisjinter wurkje en minder minsken oannimme. Neffens de wethâlder betsjut it net dat der minder minsken komme foar itselde wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)