Ljouwert moat miljoen betelje

20 okt 2007 - 12:28

Ljouwert heft net gau wer baatbelesting om in werynrjochting te beteljen. Dat konkludearret de gemeente nei de strop mei de baatbelesting foar de werynrjochting fan de binnenstêd.

Undernimmers betellen jierren lyn mei oan it opknappen fan it sintrum. De rjochter sei dat dat ûnterjochte wie en dat Ljouwert 1,4 miljoen werom betelje moat. Ein oktober praat de gemeenteried oer dy tsjinfaller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)