Ljouwert moat griener

02 feb 2012 - 19:10

De Ljouwerter binnenstêd kin en moat folle griener. Dat fynt it wykpanel fan de binnenstêd. Dy hawwe in plan opsteld mei mear as 40 ferbetterpunten. Dan giet it bygelyks om it plantsjen fan nije beammen, mar ek om de oanlis fan muorretúntsjes mei klimplanten.

It wykpanel hat it plan tongersdei oanbean oan de gemeente en wenningboukorporaasjes. Dy hawwe stipe tasein by de útfiering fan de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)