Ljouwert moat flink besunigje

22 maaie 2003 - 00:00

Ljouwert moat de kommende fjouwer jier 6,2 miljoen euro besunigje. Om it jild op it kleed te krijen, wol it kolleezje fan B en W ûnder oaren de ûnreplik saak belesting ferheegje. Neffens wethâlder Krol fan finânsjes is it de grutste besunigingsoperaasje ea foar Ljouwert.

De besunigings binne nedich om't de gemeente minder jild fan it Ryk krijt. De besunigingsfoarstellen fan it Ljouwerter kolleezje moatte noch yn de gemeenteried behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)