Ljouwert moat Fair Trade wurde

05 nov 2012 - 11:01
  • logo fair trade

De gemeente Ljouwert moat gau in plan meitsje om oan te sluten by de ambysje fan de provinsje Fryslân om de earste Fair Trade-provinsje fan Nederlân te wurden. De fraksjes fan de ChristenUnie en PALGroenLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert tsjinje dêr moandei yn de begruttingsried in moasje oer yn. De partijen wolle dat útsocht wurdt oft Ljouwert Fair Trade-gemeente wurde kin. De gemeente keapet al FSC-papier en FSC-hout, mar neffens de beide partijen kin it noch folle better.

Sa moatte alle kopkes tee op it stedhûs it Max Havelaar-karmerk hawwe. In stappeplan mei de finansiering dy't dêr by heart, moat takom maitiid klear wêze, sa wolle de fraksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)