Ljouwert moat besunigje

02 feb 2010 - 19:54

De gemeente Ljouwert moat dramatysk besunigje, as de krisis yn de weningbou noch langer as trije jier duorret. Dat seit wethâlder Gerrit Krol nei oanlieding fan in rapport oer de gefolgen fan de kredytkrisis.

Nijbouprojekten yn de Súdlannen en Blitsaerd wurde flink rekke troch de krisis. Bedriuwen lûke de plannen yn omdat minsken minder gau in nijbouwente keapje. Dêrtroch bliuwt de gemeente Ljouwert mei de grûn sitten en moat it dêr rente oer betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)