"Ljouwert moat aktyf op syk nei ûnderdak foar flechtlingen"

04 sep 2015 - 15:17
  • Boatflechtlingen yn de Middellânske See
  • Syryske flechtlingen op it Grykse fakânsje-eilân Lesbos

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert moatte mei it COA aktyf op syk nei ûnderdak foar flechtlingen yn de gemeente. In brede groep partijen stelt dat nije wike moandei oan de oarder yn de gemeenteried. Neffens PAL/GrienLinks, ien fan de de inisjatyfnimmers, kin Ljouwert net achterbliuwe, no't hieltiten mear minsken echt wat dwaan wolle.

De ried fan Ljouwert naam ferline jier in moasje oan om flechtlinge-opfang te organisearjen, mar dêr is oant no ta neat fan telâne kaam. Sân partijen trune der op oan om no aksje te ûndernimmen.

De oprop om op koarte termyn húsfesting foar flechtlingen te sykjen wurdt dien troch PvdA, D66, PAL/GrienLinks, ChristenUnie, Feriene Lofts en FNP. Ek Dantumadiel hat in ferantwurdlikheid as it giet om opfang fan flechtlingen. Dat seit it CDA yn dy gemeente. We kinne net dwaan as by ús de belle stikken is, wylst der bûtendoar grutte problemen binne en wy hjir yn relative wolfeart libje, sa seit de partij. Ynwenners fan de gemeente moatte dêr ek begryp foar ha, fynt it CDA. De fraksje wol fan boargemaster en wethâlders witte oft dat in plan klearlizzen hat, as der in berop dien wurdt op Dantumadiel om flechtlingen op te heinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)