Ljouwert middenmoat HBO-stêd

09 des 2003 - 00:00

Ljouwert heart ta de middenmoat fan HBO-stêden yn Nederlân. Dat docht bliken út de Keuzegids Heger Underwiis. Wat bygelyks útgean oangiet skoart Ljouwert in 14e plak en by de sportfoarsjennings stiet Ljouwert 16e.

Ljouwert leit mei in twadde plak goed yn de merk as it giet om studinte- keamers. Utsplitst nei hegeskoallen stiet de NHL op it 9e plak en de CHN op it 12e plak. Begjin jierren '90 is Ljouwert ferkeazen ta bêste HBO-stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)