Ljouwert mei mear OZB freegje

28 feb 2006 - 16:39

De provinsje Fryslân hat ien gemeente ûntheffing jûn foar it ferheegjen fan de ûnrepliksaakbelesting. Neffens Minister Zalm jouwe provinsjes te gau ûntheffings en wurdt amper frege wêrom't de OZB omheech moat.

Yn Fryslân hat inkeld Ljouwert in ûntheffing oanfrege en krige foar in ferheging fan 1,5%. Ferline wike makke dyselde gemeente bekend dat se in flater makke hat by it berekkenjen fan de OZB-belesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)