Ljouwert mear foar studinten

28 sep 2001 - 00:00

Ljouwert wol mear as studintestêd sjoen wurde. Foarsjenningen foar HBO- en MBOstudinten lykas sport en húsfesting binne bondele yn Leeuwarden Kennisstad.

De stifting wol in belangrike rol spylje yn de promoasje fan de Fryske haadstêd en sil aktiviteiten organisearje. De gemeente stekt 46.000 gûne yn de stifting. De provinsje wol de plannen earst nochris besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)