Ljouwert: Man smyt kafeerút yn

26 maaie 2013 - 13:37
  • De Grote Hoogstraat yn Ljouwert

De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert in man sûnder fêst wenplak (39) oppakt, neidat hy it rút ynsmiet fan in kafee yn de Grutte Heechstrjitte. De man wie de kroech útset omdat hy ferfelend en agressyf wie. Bûtendoar luts de man in klinker út de strjitte, om dy troch it rút te smiten. Binnen waard in besiker fan it kafee troch de stien rekke.

De man waard yn earste ynstânsje troch in meiwurker fan it kafee oanhâlden en letter oerdroegen oan de plysje. Dy hat de fertochte ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)