Ljouwert lûkt mear minsken oan

04 mrt 2004 - 00:00

Ljouwert hat de lêste oardel jier mear minsken út de omlizzende plakken binnen krigen as dat fuort gien binne. It is foar 't earst sûnt lange tiid dat de stêd gjin minsken mear ferliest oan plakken om de stêd hinne.

Neffens wethâlder Sluiter binne de bou fan oantreklike nije wiken, fergrizing en tanimmende reistiden foar forinzen de wichtichste oarsaken foar de tanimmende ynteresse. De gemeente wol de positive trend fêsthâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)