'Ljouwert leit te fier fuort''

15 des 2004 - 13:45

Nederlanners ha net sa'n bêste yndruk fan de stêd Ljouwert. Dat docht bliken út in ûndersyk nei de populariteit fan stêden. Yn de top 20 fan stêden mei in min imago stiet Ljouwert sechsde, nei Amsterdam en Rotterdam.

De ûndersikers neame it opfallend dat Ljouwert troch in soad Nederlanners neamd waard, om't it net om ien fan de grutte stêden giet. Minsken fine Ljouwert foaral net oantreklik om't de stêd fier fuortleit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)