Ljouwert krijt wer ôftelfeest

06 okt 2009 - 20:49

Der komt yn de âldjiersnacht opnij in saneamd ôftelfeest op it plein by de Aldehou yn Ljouwert. Troch it súkses fan it ôfrûne jier, hat de gemeente der 50.000 euro foar útlutsen. Der kamen de lêste kear in soad Ljouwerters op it ôftelfeest ôf.

It feest moat dit jier in ûnderdiel wurde fan in rige eveneminten yn de stêd, dy't elkoar opfolgje. Neffens wethâlder Isabelle Diks makket de gemeente Ljouwert dêroer ynkoarten mear bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)