Ljouwert krijt universitêr ûnderwiis

23 nov 2015 - 22:30

Ljouwert krijt in eigen University College. Dat is in saneamde brede bachelor-oplieding foar studinten. Dy ôfspraak hawwe de gemeente, de provinsje en de Ryksuniversiteit Grins (RUG) makke.

Ferline wike makke de RUG noch bekend dat se wachtsje woene mei it Fryske University College. De oanmeldings foar it eigen College yn Grins falle ôf en dêrom woe it bestjoer fan de RUG earst mear studinten krije. De ôfsizzing út Grins wie foar de Fryske partijen ûnakseptabel. Der binne hurde ofspraken makke oer de iepening fan UC Fryslân.

De nije dekaan foar University College Fryslân, Jouke de Vries, sil op koarte termyn by it ministearje fan Underwiis in oanfraach dellizze foar de oplieding. It ministearje beoardielet oft der ferlet is fan de oplieding, As se tastimming krije, hat Ljouwert in selsstannige universiteit, mar wol ûnder de flagge fan de RUG. Campus Fryslân is in fakulteit-yn-oprjochting fan de RUG. De University Campus is dêr wer in ûnderdiel fan.

Wethâlder Thea Koster is posityf oer de kânsen foar de oplieding yn Ljouwert en it tal oanmeldings. Se tinkt dat de oanfraach fan in eigen akkreditaasje gjin problemen opsmite sil. Yn septimber 2017 moat de oplieding úteinsette.

Studinten kinne yn dy brede bachelor tema's bestudearje dy't yn Fryslân spylje. Tocht wurde kin oan bygelyks duorsumens. De brede bachelor falt ûnder de RUG yn Grins, mar is wol in selsstannige oplieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)