Ljouwert krijt ûnderdaksintrum

06 okt 2004 - 10:55

Ljouwert krijt in ûnderdaklokaasje foar útprosedearre asylsikers. It giet om asyslsikers dy't frijwillich weromkeare wolle nei it lân dêr't se weikomme.

In ûnderdaksintrum is wat oars as in fertreksintrum. Ljouwert is de earste gemeente dy't sa'n ûnderdaksintrum krijt. It komt yn it Burmaniahûs, it eardere azc. It kontrakt mei it COA is 1 oktober yngien. Der kinne maksimaal 200 minsken ûnderdak krije dy't der oant uterlik 1 maart bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)