Ljouwert krijt stedsdichter

03 des 2004 - 10:45

In sjuery giet op syk nei in stedsdichter foar Ljouwert. Yn de sjuery sitte âld-boargemaster Te Loo, Geart de Vries foar SLAL, Eva Vriend foar de Ljouwerter krante en wethâlder Van Mourik fan Ljouwert.

De stedsdichter sil foar twa jier beneamd wurde. Yn jannewaris sille fiif kandidaten har gedicht presintearje dat se as sollisitaasje nei de funksje fan stedsdichter skreaun ha. Dêrnei wurdt bekend wa't de stedsdichter wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)