Ljouwert krijt nije iishal

30 okt 2013 - 21:27

In ferrassing wie it net, mar dochs reden foar in feestje. Woansdei makke boargemaster Crone fan Ljouwert mei in hammerslach it beslút om in nije iishal te bouwen yn Ljouwert definityf. It beslút yn de gemeenterie soarge foar in grut jûchheigerop yn it kafee fan de iishal. Goed 70 minsken wiene dêr om it feestje te fieren nei al dy jierren fan striid foar de nije iishal.

De gemeente lûkt mei dit beslút goed 21 miljoen euro út foar de bou fan de nije hal. De hal moat mids 2015 klear wêze moat en komt efter it gebou fan Wetterskip Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)