Ljouwert krijt mooglik azc foar 600 minsken

19 jan 2016 - 14:43
  • Yn it eardere postsortearsintrum yn Ljouwert komme 600 asylsikers

Yn it âlde postsortearsintrum oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert moat in asylsikerssintrum foar 600 minsken komme. Dat hat de gemeente Ljouwert tiisdeitemiddei bekend makke. It sintrum is bedoeld foar seker tsien jier.

Der moat wol in soad ferboud wurde yn it gebou. Dêrom is de ferwachting dat de opfang net earder as nei de simmer of ein fan dit jier iepen kin.

Nije wike is der in byienkomst foar ûndernimmers en omwenners oer it nije azc. De wike dêrnei wurdt in beslút naam troch de gemeenteried.

It gebou oan de Snitsertrekwei hat earder ûnderdak jûn oan it provinsjebestjoer doe't it it provinsjehûs oan de Twibaksmerk ferboud waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)