Ljouwert krijt jildkompas

28 feb 2010 - 10:33
  • Ynterside www.geldkompasleeuwarden.nl

De gemeente Ljouwert yntrodusearret moandei it jildkompas. Dat is bedoeld foar minsken dy't net rûnkomme kinne. Ljouwert is de twadde gemeente yn Nederlân mei in jildkompas. Enschede hat ien sûnt in jier.

It jildkompas moat minsken helpe om de finânsjes wer op oarder te krijen. Op de webside geldkompasleeuwarden.nl stean tips om rûn te kommen. Sa stiet der hoe't minsken goedkeap sporte kinne en wêr't se terjochte kinne foar help by skulden en wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)