Ljouwert krijt ek needopfang foar flechtlingen

16 sep 2015 - 19:10
  • Opfang fan flechtlingen

Ek Ljouwert krijt in needopfang foar flechtlingen, lykas Amsterdam, Haarlem en Nijmegen. It giet om tydlike opfang foar in pear hûndert minsken. Binnen in pear wike wurdt bekend wêr't dizze needlokaasje komt. Yntusken wurket Ljouwert ek oan de fêstiging fan in asylsikerssintrum yn de stêd. Der wurdt socht nei in gaadlik plak foar in azc.

Fierwei de measte Fryske gemeenten binne ree om flechtlingen op te fangen, sa docht bliken út ûndersyk fan de NOS en de regionale omroppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)