Ljouwert krijt 30 hannelsunits

23 aug 2004 - 13:17

Yn Ljouwert komme goed 30 hannelsunits foar begjinnende ûndernimmers. It Bedrijvencentrum Leeuwarden (BCL) hat dêrta twa gebouwen kocht yn de Marowijnestrjitte. It giet om de eardere ûnderkommens fan Friesland Parket en Praktijk Opleiding Schilders.

It BCL helpt wurkleazen om selsstannich ûndernimmer te wurden. Dêr hie it BCL altyd syn eigen gebou foar op yndustry- terrein De Himrik, mar dat waard ferline jier ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)