Ljouwert kiest foar Open Source

30 okt 2003 - 00:00

Nei Amsterdam hat Ljouwert as twadde gemeente fan Nederlân keazen foar it open source content management systeem Mmbase foar it behear fan websiden. Mmbase is yn 1998 ûntwikkele troch de VPRO. Ljouwert wol dit brûke yn kombinaasje mei Linux, Apache, Tomcat en Mysql. It fergees te krijen systeem Mmbase wurdt ek brûkt troch ûnder oaren de EO en Kennisnet.

Troch it brûken fan Mmbase kin de gemeente Ljouwert jild besparje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)