Ljouwert keapet terrein Atoglas

24 jan 2006 - 09:59

De gemeente Ljouwert wol it terrein fan keunststoffabryk Atoglas keapje fan de Frânske eigner. It fabryk giet dizze simmer ticht. Dêrby geane 130 banen ferlern. It terrein fan Atoglas leit foar de gemeente Ljouwert op in strategyske posysje, flakby it sintrum fan de stêd.

It doel is dêr kantoarromte te bouwen. It is net de earste grûnoankeap fan de gemeente. Earder waard bygelyks al it âld-Philips-fabryk by it FEC oankocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)