Ljouwert jout fytsers foarrang

21 jun 2006 - 05:35

Op guon minirotondes yn Ljouwert krije fytsers ynkoarten foarrang fan rjochts. Op de minirotondes om it stedssintrum hinne hoege dy fytsers net mear op auto's te wachtsjen.

By de ring wol it gemeentebestjoer it autoferkear foarrang hâlde litte. It gemeentebestjoer hat útsocht hoe't it yn Drachten, Grins en Zwolle foldocht dêr't se fytsers in skoft lyn al foarrang jûn ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)