Ljouwert: jild nei dakleazen

19 des 2007 - 11:36

Ljouwert stekt takom jier 8,2 miljoen euro yn ynstellings dy't de opfang fan dakleazen regelje. It grutste part, goed 4,5 miljoen, giet nei Zienn. Dat is de nije namme foar de organisaasje dêr't ûnder oare De Terp ûnder falt.

Ferslavingssoarch krijt 2 miljoen. Fierder giet der noch jild nei it Leger des Heils en Limor. Dizze organisaasje helpt minsken om wer in selsstannich libben op te bouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)