Ljouwert: himpkwekerijen oprôle

28 mrt 2006 - 14:08

De plysje hat moandei yn Ljouwert trije himpkwekerijen oprôle. Yn in hok achter in hûs oan de Foarstreek stiene 500 plantsjes. Op de souder hie de wytteler in twadde kwekerij dy't foar in part ûntmantele wie.

De 42-jierrige kweker hie noch in tredde himpkwekerij oan de Oosterstrjitte. Dy wie kompleet ynrjochte, mar der stiene gjin wytplanten yn. Yn alle trije gefallen is yllegaal elektrisiteit ôftape.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)