Ljouwert hifket feiligensgefoel

20 feb 2006 - 06:32

Studinten fan de NHL yn Ljouwert sille sneontejûn enkêteformulieren útdiele ûnder it útgeanspublyk yn Ljouwert. Se dogge dat yn opdracht fan de gemeente. Dy wol mei de enkête it gefoel fan feilichheid ûnder de stappers hifkje.

Op grûn fan de útkomst wol de gemeente Ljouwert besjen hokker maatregelen der naam wurde moatte. It soe dan gean om bygelyks mear ferljochting en mear plysje op strjitte. Mei inoar wurde der 360 formulieren útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)