Ljouwert hat sosjale yndeks

05 jul 2011 - 14:04

Ljouwert krijt as twadde stêd yn Nederlân in sosjale yndeks. Dat is in ynstrumint om te sjen hoe't it steld is mei de sosjale kwaliteit fan in gebiet. Tiisdei lansearret wethâlder Thea Koster fan Ljouwert in website.

Rotterdam is de earste stêd dy't mei in sosjale yndeks wurke. Goed 11.000 bewenners fan stêd hawwe hjirfoar in enkête ynfold. Yn de sosjale yndeks is ûnder oare te lêzen hoe't it steld is mei wurk, oplieding, taalbehearsking en ynkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)