Ljouwert hat no mienskipsfûns

02 jul 2014 - 21:39
  • Gemeente Ljouwert

De gemeente Ljouwert hat in mienskipsfûns ynsteld dêr't de kommende fjouwer jier elk jier fjouwer ton yn stoarten wurdt. It jild kin brûkt wurdt foar projekten om de mienskip yn de doarpen en wiken te stimulearjen. Dêrby kin tocht wurde oan it opknappen fan parken, it organisearjen fan in evenemint of it opsetten fan in enerzjy-projekt. It mienskipsfûns slút oan by it tema 'mienskip' fan Kulturele Haadstêd 2018.

De gemeente Ljouwert moat flink besunigje, mar fynt dat as men foar sa'n tema kiest, dêr ek de finansjele middels by hearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)