Ljouwert hat 'kertiermakker'

14 sep 2010 - 19:38
  • Earder protestearde Parnas al tsjin de besunigings

De gemeente Ljouwert hat in saneamde 'kertiermakker' oansteld. Dy sil besjen hoe't 1,4 miljoen euro besunige wurde kin op kultuer, sûnder dat it oanbod foar de minsken minder wurdt. De man dy't dit proses liede sil is Erik Akkermans fan it buro BMC yn Amersfoort.

De eardere direkteur fan it konservatoarium yn Utrecht is gjin ûnbekende yn de stêd. Earder dit jier makke er in rapport oer de seis grutste kultuerynstellings yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)