Ljouwert hâldt gerjochtshôf

20 nov 2009 - 22:25

Ljouwert hâldt syn gerjochtshôf en rjochtbank. Dat docht bliken út de nije yndieling fan festigingsplakken foar rjochtbanken en gerjochtshôven, dêr't it kabinet it freed oer iens wurden is. Yn syn eardere plannen hie minister Hirsch Ballin fan Justysje oanjûn dat Ljouwert syn gerjochtshôf wolris kwyt reitsje koe.

Kommissaris fan de keninginne John Jorritsma en boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert begûnen dêrop mei lobbyen. En dat hat dus holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)