Ljouwert hâldt 3,6 miljoen oer yn it jier 2014

19 maaie 2015 - 15:00
  • It stedhûs fan Ljouwert

De gemeente Ljouwert slút it jier 2014 ôf mei in posityf resultaat fan 3,6 miljoen euro. It kolleezje wol fan it jild dat oerbleaun is, 3,5 miljoen euro yn de pot 'risiko reserve sosjaal domein' dwaan. De oare 100.000 euro giet nei de algemiene reserve. Dat stiet yn de jierstikken 2014 dy't tiisdei bekend makke binne.

Konkrete resultaten dy't yn 2014 helle waarden, binne de konsintraasje fan kulturele partijen yn it Harmoniekertier, minder wenningynbraken en organisearre kriminaliteit en de oplevering fan de Wettercampus en de dyk de Heak.

De gemeenteried sil de stikken op 29 juny fêststelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)