'Ljouwert grutte kâns KH2018'

29 aug 2013 - 22:32
  • It bidbook fan Utrecht 2018 is tiisdei presintearre

De striid om hokker stêd Kulturele Haadstêd fan Europa wurdt yn 2018, giet foaral tusken Ljouwert en Maastricht, mar Ljouwert makket mear as in soad kâns. Dat seit emeritus heechleraar Giep Hagoort fan Utrecht. Hy wie nau belutsen by it besykjen fan Utrecht om de titel binnen te slepen. Mar Utrecht foel yn de earste ronde ôf. Hagoort hat útsocht hokker stêd de bêste papieren hat om kulturele haadstêd te wurden.

Hy hat hiel krekt besjoen wat de kommisje dy't der oer beslute moat fynt fan de plannen fan Ljouwert, Maastricht en Eindhoven.

Neffens Hagoort ûnderskiedt Ljouwert him bot, foaral fanwege de Fryske taal en kultuer en de ynset fan frijwilligers. Ljouwert is neffens Hagoort ek yn it foardiel omdat it 'de measte perifeare' kandidaat-haadstêd is. Nije wike freed wurdt bekend hokker stêd de striid wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)