Ljouwert grutsk op Wetsus

28 sep 2009 - 13:34
  • De oanbieding fan it boerd

By njoggen tagongsdiken fan Ljouwert binne buorden delset mei de tekst City of watertechnology. Sa wol Ljouwert oanjaan hoe grutsk de stêd is op it wetterynstitút Wetsus.

Wetsus, op it terrein fan hegeskoalle Van Hall, bestiet dizze moanne 5 jier. Der wurdt ûndersyk dien nei bygelyks nije metoaden fan wettersuvering. Der wurkje ûndersikers út Nederlân en it bûtenlân. Ljouwert wol Wetsus mear in rol jaan by de promoasje fan de stêd by oare bestjoerders en bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)