Ljouwert: gau bou yn Bullepolder

03 jan 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert giet der fan út dat der noch dit jier begûn wurdt mei de bou fan wenten yn de Bullepolder. Op it stuit wurdt dy bou noch opkeard troch de oanwêzigens fan in einesoart, de smjunt, yn de polder.

Troch in rjochterlike útspraak hat de foarnommen bou fan hûnderttweintich wenten fertraging oprûn. De gemeente hat al in rapport klearlizzen dat oantoant dat wentebou net sa skealik is foar de smjunt as miljeudefinsje tinkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)