Ljouwert fytsstêd

06 sep 2000 - 17:41

Ljouwert kin 'Fytsstêd 2000' wurde. Meiwurkers fan it Fytsersbûn besjogge tongersdei oer in rûte fan 30 kilometer hoe't de omstannichheden foar fytsers yn de provinsjale haadstêd binne.

Mei spesjaal mjitapparatuer sjogge se ûnder oare nei de fytspaden en de feilichheid fan de fytsers. Op 10 novimber wurdt bekend makke watfoar stêd him fytsstêd fan it jier neame mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)