Ljouwert fol mei 100 dino's

19 jan 2011 - 09:52

It natuermuseum Fryslân hat Ljouwert fol set mei lytse dinosaurussen. It museum hat dat dien om omtinken te freegjen foar in nije tentoanstelling dy't dit wykein begjint. Op dy útstalling binne skeletten en modellen fan dino's te sjen.

Oan de boartersguodbisten sit in kaartsje mei de tekst Help me. Mei dat kaartsje kin koarting krigen wurde op de tagongspriis. It museum hat sa'n 100 bisten útset, by de Aldehou, mar ek by it gebou fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)