Ljouwert foarop mei wykteams

10 okt 2014 - 21:19
  • Ljouwert gemeente

Sosjale wykteams wurde net goed taret op de nije situaasje dy't nei 1 jannewaris ûntstiet. Se wurde yn it djippe goait troch de gemeenten. Dat blykt út in ûndersyk fan de Universiteit fan Twente en buro BMC. Ljouwert is de grutte útsûndering en dat komt om't de gemeente al in pear jier dwaande is mei de teams, dy't op guon plakken al wurkje.

De opset yn Ljouwert is in foarbyld foar in soad Nederlânske gemeenten, dy't folle letter begûn binne mei it opsetten fan teams.

De oarsaak fan de problemen leit yn Den Haach. It regear hat besletten de útfiering fan de sosjale wetten oar te dragen oan de gemeenten. It probleem by de measte gemeenten is dat de organisaasje fan de teams net goed op papier stiet, der gjin goeie ôfspraken makke binne en de teamleden witte net hoe om te gean mei de nije situaasje en de nije wurkwize.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)