Ljouwert foardert kavels werom

01 mrt 2006 - 11:44

De gemeente Ljouwert foardert boukavels yn de wyk Suderbuorren werom fan twa projektûntwikkelders, omdat dy neilitte der huzen op te bouwen. It giet om ien kavel oan de westkant fan De Gronzen en twa oan de Moleplaat yn de wyk.

De beide projektûntwikkelders Vestia Projektontwikkeling BV út Swolle en Tasta Bouw BV út Ljouwert moatte de kavels foar deselde priis wer kwyt oan de gemeente. Dy wol no besykje om de persielen oan oaren te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)