Ljouwert fierder mei Crone

25 jun 2013 - 07:55
  • De Graaf en Crone by de oanbieding fan it bidbook

De gemeenteried fan Ljouwert wol graach fierder mei boargemaster Ferd Crone. De riedsleden stimden moandei unanym foar syn werbeneaming. As Crone troch de minister fan Binnenlânske Saken werbeneamd wurdt, wurdt hy net net foar seis jier oansteld, mar foar inkele moannen. Omdat de Ljouwert en Boarnsterhim mei yngong fan 1 jannewaris in nije gemeente foarmje, krijt de nije gemeente earst in waarnimmend boargemaster. Dy wurdt ein novimber beneamd. Ek de sittend boargemaster makket kâns as waarnimmer beneamd te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)